Fuotbalsters ûnder 17 sûnder ferlies nei heale finale EK

08 maaie 2017 - 18:35
De Oranjefammen by de pleatsing foar it EK - Foto: Facebook Oranjeleeuwinnnen

De Nederlânske fuotbalsters ûnder de 17 jier hawwe moandei de pûlfaze fan it EK yn Tsjechië ôfsletten mei de wedstriid tsjin Ierlân. It bleau 0-0. Se wiene al winners fan harren pûl, mar moasten de tredde wedstriid noch spylje. De namme fan Kerstin Casparij fan SC Hearrenfean stie net by de opstelling dy't foar de wedstriid bekend makke waard. De Nederlânske fammen hawwe de pûl sûnder ferlies ôfsletten.

De Oranjefamkes sitte no yn de heale finale. De earste wedstriid foar Nederlân is no tongersdei. Se komme dan út tsjin Spanje.

(Advertinsje)
(Advertinsje)