Man út Koatstertille krijt wurkstraf foar omkeaperij plysjes

08 maaie 2017 - 17:38
Foto: Omrop Fryslân, Joris Kalma

In man út Koatstertille hat in wurkstraf fan sechstich oeren krigen, omdat er besocht hat twa plysjeminsken om te keapjen. De plysjes kamen yn jannewaris by de man thús om him op te heljen. Hy moast noch twa wiken selstraf útsitte. De man tocht earst dat it om in boete gie, dy't er noch betelje moast. Mar ek neidat de plysjes sein hiene dat er mei moast nei de finzenis, bleau er jild bieden.

De plysjes ha úteinlik in proses-ferbaal fanwege omkeaperij opmakke. De rjochter fûn dat terjochte. De man hat de selstraf yntusken útsitten.

Trefwurden: 
wurkstraf omkeaperij plysje
(Advertinsje)
(Advertinsje)