Waadferiening wol turbines net op eilannen, mar op see

08 maaie 2017 - 17:20

De Waadferiening wol dat alle Waadeilannen in eigen wynturbine op see krije, sadat se enerzjyneutraal wurde. De eilannen wolle enerjzyneutraal wurde en der wurdt praat oer wynmûnen op it eilân. De Waadferiening makket him soargen oer de negative gefolgen foar it lânskip. De natuerorganisaasje sjocht mear yn turbines op see. Der soe ûndersocht wurde moatte wêr't dat kinne soe, wat it kostet en hoe't it betelle wurde moat.

Arjan Berkhuysen wie moandei oanwêzich by de yngebrûkname fan it grutste wynpark fan Nederlân, wynpark Gemini. De Waadferiening krige by dy gelegenheid in sjek fan 10.000 euro fan it wynpark. Neffens it park is dat omdat it yn goed oerlis mei de Waadferiening slagge is om in kabel oan te lizzen troch gefoelich natuergebiet. Dy kabel om de enerzjy oan lân te bringen rint fan it wynpark nei de Eemshaven yn Grinslân.



(Advertinsje)
(Advertinsje)