Rentex Floron wasket op legere temperatuer

08 maaie 2017 - 17:12
It gebou fan Rentex Floron yn Boalstert - Foto: Omrop Fryslân, Aise van Beets

Waskerij Rentex Floron yn Boalsert komt mei in nije manier fan waskjen. Dêrtroch kin der op in legere temperatuer wosken wurde, wat better is foar it miljeu. Ast minder hjit waskest, kostet dat minder stroom. De nije metoade soarget der ek foar dat it materiaal dat wosken wurdt, langer meigiet.

Rentex Floron is spesjalisearre yn it waskjen fan tekstyl foar sikehuzen en soarchynstellingen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)