FIDEO: Marleen rêdt it op mei fjouwer bern

09 maaie 2017 - 08:45

Marleen de Vries út Frjenstjer en har fjouwer bern rêde it op mei jild fan de Stichting Leergeld. Se wenje yn in lyts appartemint.Troch in skieding hat Marleen skulden. Mar se is in posityf minsk. Se rêdt it wol, al is it net maklik. De holle omheech en earlik en iepen wêze oer de situaasje. Dat helpt neffens har. Dan komt der mear nei jo ta.

Dizze wike stiet by Omrop Fryslân Stichting Leergeld sintraal en wat se betsjutte foar bern en húshâldingen dy't it finansjeel oan de krapperein komme. Online, mar ek op radio en telefyzje binne reportaazjes te hearren en te sjen mei ynformaasje oer Leergeld. Mei persoanlike ferhalen fan minsken dy't de stichting holpen hat. Minsken lykas Marleen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)