Alde krûdkelder yn seedyk by De Skâns wurdt restaurearre

08 maaie 2017 - 15:47

De âlde krûdkelder yn de eardere seedyk by De Skâns wurdt restaurearre. It ferwulft fan de kelder lekt, trochdat der al jierren grûnwetter troch de grouwe muorren komt. It mitselwurk hat dêr fan te lijen. De âlde seedyk hat noch altiten in belangrike funksje en wurdt goed ûnderhâlden. Dêrom moat de kelder boukundich ek yn oarder wêze.

Skâns

It krûdopslachplak yn de seedyk stamt oarspronlik út 1560. Doe waard foar Eanjum in Skâns oanlein om fijanlike oarlochsskippen op see tsjin te hâlden mei kanonnen en gewearen. It buskrûd waard dêryn opslein. De Fryske namme De Skâns komt dêr wei. De kelder waard yn de Napoleontyske tiid ferboud. Hy is eigendom fan de Stichting Waterschapserfgoed.

Napoleonshokje

De krûdkelder waard yn 1810 ferboud en yn 1922 foar it lêst restaurearre. It Napoleonshokje, sa't it ek wol neamd wurdt, waard brûkt as opslach foar de krûdfoarrieden fan de kustbatterij. Yn 1849 waard de kustbatterij opheft en kaam de kelder leech te stean. By it ferswierjen fan de seedyk yn 1922 is it bouwurk oplape. Nei de opknapbeurt waard it earst brûkt as opslach foar ark, mar dêrnei gong it iepen foar publyk.

Omdat de krûdkelder gjin monumintale status hat, wie it dreech om subsydzjes te krijen. Troch finansjele stipe fan de provinsje en wetterskip Fryslân kin de restauraasje no úteinsette.

(advertinsje)
(advertinsje)