Wynmûnepark Gemini op Noardsee yn gebrûk naam

08 maaie 2017 - 15:46

Op de Noardsee is moandei in nij wynmûnepark yn gebrûk naam. It Geminipark bestiet út twa dielen: 75 turbines stean 40 kilometer noardlik fan It Amelân, de oare 75 lizze in ein fierder de see yn, op 55 kilometer benoarden Skiermûntseach.

De wynmûnen leverje enerzjy foar sawat oardel miljoen minsken. De enerzjy giet mei kabels nei de Eemshaven ta. De bou fan it Geminiwynmûnepark is yn 2015 úteinset. It park is troch fertraging letter klear as ferwachte. 

(advertinsje)
(advertinsje)