Bou akwadukt Drachtsterplein Ljouwert wer stap fierder

It lêste stik daamwand fan it nije akwadukt by it Drachtsterplein yn Ljouwert is moandei fuort helle. Dêrtroch leit de folsleine romte no iepen en kinne de bouwers der no ûndertroch rinne. Dat makket it wurk in stik makliker foar oannimmer Heijmans. Boppedat wurdt it risiko op ôffallers lytser. Oan de oare kant fan it wetter, dy fan de stêd, binne se dwaande mei it stoarten fan de betonnen wand. Sa wurdt der stap foar stap ta wurke nei 31 augustus. Dan moatte de earste auto's der trochhinne ride.
It wurk hie al in jier klear wêze moatten, mar troch ferskate oarsaken waard it hieltyd letter. Oer fjouwer moanne moat it echt klear wêze.