"Mear toeristen út Azië en Amearika komme nei Fryslân"

08 maaie 2017 - 15:07

De effekten fan Kulturele Haadstêd 2018 op it toerisme yn Fryslân binne no al te fernimmen. Neffens Martin Cnossen fan Merk Fryslân wiene der de ôfrûne maaiefakânsje mear toeristen as foargeande jierren út Azië en Amearika en dat komt troch de ynformaasje yn brosjueres fan toeroperators oer Kulturele Haadstêd.

Krêften bondelje

Cnossen: "Ik tink dat dit wol de earste effekten binne fan it bondeljen fan de krêften fan Merk Fryslân, KH2018 en Ljouwert Marketing, om't wy ús al in jier rjochtsje op goede toeroperators dy't Fryslân promoate."

Ljouwert op de kaart

Dochs is it opfallend dat dy toeristen no al nei Fryslân komme en net pas takom jier. Cnossen: "De ferhalen oer Fryslân binne no al bekend en dat lûkt minsken. Ek binne der no al aktiviteiten yn de provinsje. Tink oan de tentoanstelling oer Alma-Tadema yn it Fries Museum en The Passion. Dat set Ljouwert op de kaart as ynteressante lokaasje om hinne te gean."

Noch altyd it grutste part fan de toeristen yn ús provinsje komt út Nederlân, sa'n 80 prosint, folge troch Dútsers en Belgen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)