Grutte plysje-ynset foar betize man yn Ljouwert

08 maaie 2017 - 14:13
Foto: Jaring Rispens

In betize man soarge moandeitemiddei foar opskuor op de Skrâns yn Ljouwert. De man hie himsels opsletten yn in wenning en woe dêr net mear útkomme. De plysje ried mei in oantal weinen út foar it ynsidint. Pas nei in oere ûnderhanneljen woe de man út de wenning komme.

Hy is troch de plysje meinaam nei it plysjeburo.

Trefwurden: 
betize man Ljouwert
(Advertinsje)
(Advertinsje)