Tichelaar fernimt tekoart boumaterialen oan taleveransiers

08 maaie 2017 - 13:13

Der driget in tekoart oan boumaterialen op de boumerk. Dat seit de feriening Koninklijke Nederlandse Bouwkeramiek dêr't in soad taleveransiers út de bou by oansletten binne. It tekoart jildt foar produkten as bygelyks dakpannen, tegels en bakstiennen. Keninklike Tichelaar út Makkum, dat heechweardige glazuere boumaterialen leveret, hat sels net folle lêst fan de situaasje. Omdat it bedriuw yn it hegere segmint sit, is de oarderportefúlje goed fol.

Dochs sjocht bedriuwslieder Jan Kok fan Tichelaar de negative gefolgen foar de bou wol. "Wy merke it seker om ús hinne oan taleveransiers, as wy in opdracht ha foar it glazuerjen fan dakpannen, stienstrips of stiennen, dat se dreger leverje kinne of langere levertiden ha", sa seit Kok. Ofnimmers moatte dêrtroch mooglik soms wol wat langer wachtsje.

Yn de bousektor is de produksje fan boumaterialen yn de rin fan de jierren foar in grut part nei it bûtenlân ferhuze. Dat betsjut dat boubedriuwen by bestellingen net op de foarste rige steane. Ek is in stik wurkgelegenheid nei it bûtenlân gong. No't de bousektor sa oanlûkt is dat in probleem. Boubedriuwen hawwe muoite om fakminsken te finen.

(Advertinsje)
(Advertinsje)