Frou mishannele by supermerk, plysje Ljouwert siket tsjûgen

08 maaie 2017 - 12:32
Foto: Omrop Fryslân

De plysje is op syk nei tsjûgen fan in mishanneling, ôfrûne freedtemiddei by de supermerk op it Hoeksterein yn Ljouwert. In frou waard dêr op Befrijingsdei oanfallen, doe't se har fyts pakke woe. Se hâlde in lichte harsenskodding oer oan it ynsidint. It is noch ûndúdlik wat de reden foar de mishanneling is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)