Ljouwerter rydt mei 144 kilometer yn 'e oere troch de stêd

08 maaie 2017 - 11:46
Foto: Omrop Fryslân

In 33-jierrige Ljouwerter moat him ynkoarten by de rjochter melde. De man ried sneintenacht mei 144 kilometer yn 'e oere oer de Anne Vondelingwei yn Ljouwert, wylst dêr mar 70 tastien is. De plysje sette de bestjoerder oan de kant. Doe die bliken dat syn rydbewiis al earder ynfoardere wie foar in oar fergryp. De man moat him ek melde foar in ferkearskursus.

(Advertinsje)
(Advertinsje)