Ynbraak by optisien yn Bûtenpost
Yn de winkel fan de Eye Wish optisien oan de Tsjerkestrjitte yn Bûtenpost is sneintenacht ynbrutsen. Om binnen te kommen waard mei in stoepetegel it rút fan de tagonsdoar ynsmiten. Der is ek guod stellen, mar hoefolle is noch net bekend.
De plysje siket tsjûgen.