"Feyenoordsupporter binne je net foar de lol"

08 maaie 2017 - 10:57

Rotterdam wie klear foar in grut fuotbalfeest. By winst hie Feyenoord snein al lânskampioen wurde kinnen. Excelsior liet dat lykwols samar net gebeure en der waard ferlern mei 3-0. Hûnderttûzen Feyenoordfans wiene lulk en teloarsteld. Ek Friezen. In groep fans út De Westereen en De Harkema wie al sûnt sneon yn Rotterdam om it feest goed mei te meitsjen. Ien fan har is Ruurd Leegstra, dy't de wedstriid yn de Kuip op in grut skerm folge hat.

Bizar

"It wie bizar. It spul fan Feyenoord wie sa 'gezapig'. De sfear yn it stadion wie hiel apart", seit Ruurd. Doe't dúdlik waard dat Feyenoord ferlieze soe, rûn it stadion yn de lêste minuten fan de wedstriid stadichoan al leech. Ek Ruurd en syn freonen giene earder fuort. "Wy hiene noch in hotel yn Rotterdam foar sneintenacht, om't wy tochten dat wy feest fiere soene, mar wy binne sneintejûn mar werom nei hûs ta gien."

Je eigen stêd slope

Fan de rellen yn Rotterdam nei ôfrin fan de wedstriid hat Ruurd net in soad meikrigen. Hjirby waarden hûndert supporters oppakt. "Nee, dêr ha ik neat fan fernaam, behalve op social media. It is 'belachelijk' dat je je eigen stêd slope. Te gek foar wurden."

Firus

Ruurd is fansels teloarsteld, mar bliuwt posityf oer de kânsen fan syn klup om lânskampioen te wurden. "It soe bizar wêze as wy it net helje." Dochs is er ek wach: "Sa'n dei past by Feyenoord. Eltse kear krekt net. Feyenoordsupporter binne je net foar de lol." Maar wêrom dan wol? "Dit sit der fan jongs ôf yn! Dat giet net mear fuort. It is in soart firus. In posityf firus."

Ruurd is der nije wike gewoan wer by yn Rotterdam, as syn klup opnij besiket kampioen te wurden tsjin Heracles Almelo. Hy hopet dan wól in kampioensfeest te fieren: "Wy gean der fanút dat it goed komt!"

Trefwurden: 
Feyenoord fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)