Hokker twaling wol yn nije jeugdsearje De Kameleon spylje?

08 maaie 2017 - 10:47

KRO-NCRV makket in 12-dielige jeugdsearje oer De Kameleon. De opnamen ûnder lieding fan regisseur Steven de Jong begjinne kommende simmer. Hy makke ek de Kameleonfilms út 2003 en 2005. De makkers sykje noch in geskikte ienaaiïge twaling fan 13 of 14 jier dy't de rollen fan Hielke en Sietse Klinkhamer spylje kin. "Twee oer-Hollandse jongens die fantastisch kunnen acteren en niet bang zijn om knetterhard in een boot te scheuren", sa skriuwt KRO-NCRV.

Michel Nillesen fan de lanlike omrop hopet dat de searje bydrage sil oan Kulturele Haadstêd 2018. “In 2018 is Leeuwarden de Culturele Hoofdstad van Europa en hopelijk draagt deze serie bij aan een succesvol cultureel jaar in Friesland en in het bijzonder Leeuwarden.”

De ferwachting is dat de searje yn it neijier fan 2018 op NPO Zapp te sjen is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)