Kollum: "Wy kinne sels wol betinke wa’t wy betinke"

08 maaie 2017 - 08:39

"Elk jier spylje wy mei ús muzykkorps by de jierlikse deadebetinking yn De Pein. Alle jierren wurde hjir krânsen lein by de beide monuminten ta neitins oan eigen ynwenners fan it doarp en Amerikaanske soldaten dy’t omkamen yn de oarloch. En alle jierren komme der hiel wat minsken op ôf. Jong en âld.

Fan myn stuoltsje ôf hie ik it sicht op trije jonkjes fan in jier as alve fan de basisskoalle yn De Pein. Ien fan harren moast helpe by it lizzen fan de krâns, de oare twa soene in gedicht foarlêze. Under de plechtichheden dy’t foarôf gongen oan dit offisjele momint seach ik de jonges nei elkoar gnyskjen. Dat hast op dy leeftyd, dan is alles wat lang duorret saai. Mar doe’t se sels oan de beurt wienen, belutsen de kopkes en krigen se alle trije in serieuze blik. Se wisten bliksems goed dat ouwehoere no net koe.

Nei ôfrin fan de betinking mochten ek oare minsken blommen by de monuminten lizze. In mem mei in famke oan de hân lei in boskje by de stien foar de Amerikaanske soldaten. “Lizze dy mannen hjir dan begroeven, mem?” hearde ik it famke freegjen. Dêr, by dy stien om kertier oer achten jûns, krige se fan har mem foar it earst in oarlochsferhaal te hearren. En ik bin der wis fan dat se takom jier op 4 maaie tinke sil oan dy Amerikaanske manlju dy’t mei in fleantúch delkamen yn it doarp dêr’t se sels no ek wennet.

Sjoch, en dêr giet it om. Ferhalen trochjaan. Net foar neat wie it tema dit jier ‘De kracht van het persoonlijke verhaal’. Elk hat sa syn eigen ferhaal oer in oarloch. En wy binne frij om dat te dielen. Just dêrom snapte ik dy hiele drokte net oer wa’t we wol en net betinke meie op 4 maaie. Der wie samar ynienen allegearre rûzje oer it plan om tenij ek omkommen flechtlingen te betinken. Inisjatyfnimmer Rikko Voorberg krige safolle bedrigings dat er besleat om dizze betinking yn Amsterdam ôf te sizzen.

Op Facebook ljochte er it beslút ta. “Omdat boze woorden langzaam overgingen in boze daden hebben we besloten, met pijn in het hart, om ons initiatief aan te passen.” Sis no sels: dat is toch te gek foar wurden? Op de dei dat wy nota bene stil steane by it feit dat wy yn frijheid libje kinne, soargje bedrigings der foar dat sa’n betinking net trochgean kin. Op 4 maaie giet it toch just om dy frijheid fan leauwe, fan mieningsutering en de frijheid fan tinken? Mar foaral dat lêste blykt noch net sa ienfâldich.

Op 4 maaie meie wy net sels betinke wa’t wy betinke. Nee, dêr binne regels foar. En wa’t him dêr net oan hâldt of mei in oar plan komt, dy moat it ûntjilde. Der binne in oantal fanatike minsken dy’t foar ús bepale wolle wa’t wy wol en net betinke meie op 4 maaie. Mar dat sil ik toch hielendal sels witte? Ik betink wa’t ik betink.

Ik ha dit kear yn de 2 minuten stilte tocht oan in âld-klasgenoat út myn earste jier sjoernalistyk. Marie-Reine hjitte se en se kaam út Kamerûn. Ik ha noch nea sa’n fanatike studinte meimakke. Alles hie se der foar oer om it ferhaal fan har lân te fertellen. En belangriker noch: om mei har ferhalen har lângenoaten te helpen.

Se reizige yn 2007 mei in filmploech nei Kamerûn om dêr in besite te bringen oan in helpprojekt foar famkes yn de prostitúsje. It projekt hie har mem yn Nederlân opsetten. Krekt foar de ein fan har reis waard se stutsen troch in mich. Op 24-jierrige leeftyd kaam se te ferstjerren yn Nederlân oan de gefolgen fan malaria. In frou dy’t noch safolle ferhalen fertelle wollen hie.

Op 4 maaie betinke wy de slachtoffers dy’t fallen binne yn de Twadde Wrâldoarloch en by lettere fredesmissys. Mar is net elkenien dy't him ynset foar in better libben it betinken wurdich? Oft dat no in offisjele Nederlânske fredesmissy is yn Maly of in sels opset projekt foar in better libben foar jonge prostituees yn Kamerûn. Dêr giet it net om.

It giet om minsken dy’t har libben jouwe foar in oar. Minsken dy’t dy twa minuten stilte mear as wurdich binne. En dan kinne wy sels wol betinke wa’t wy betinke."

Nynke van der Zee fan Aldegea Smellingerlân is freelance-tekstskriuwer foar ferskate Fryske media en wurket dêrneist by de NHL. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach. Se is te folgjen op har webside www.nynketxt.nl.

(advertinsje)