Meiwurkers Holland Casino stake moandei opnij

Fan moandeitemoarn acht oere ôf stake meiwurkers fan Holland Casino yn Ljouwert, Grins en Enschede. It is de earste kear dat meiwurkers de hiele dei it wurk dellizze. De fakbûnen ferwachtsje tusken de 80 en 100 meiwurkers by de fêstiging yn Grins. De fêstigingen yn Ljouwert en Grins bliuwe moandei de folsleine dei ticht.
De meiwurkers fiere sûnt 14 april aksje foar in nije cao. Yn Ljouwert waard earder in heale dei staakt op 21 april. Petearen mei it bedriuw hellen oant no ta neat út. Holland Casino seit yn in reaksje dat se de aksjes betreurje. It bedriuw seit dat se de bûnen foar it wykein útnûge ha om fierder te praten.
Minne tiden
It bedriuw hat de ôfrûne jierren minne tiden trochmakke. Der moasten hûnderten minsken út en de meiwurkers dy't bleaune, leveren 10 persint oan arbeidsbetingsten yn.
Bettere cao
No't it wer better giet mei it bedriuw, wolle de fakbûnen dat de meiwurkers in goede cao krije. By de 14 fêstigingen fan Holland Casino wurkje 3000 meiwurkers.