Solar Voyager nei Yslân foar gletsjertest

08 maaie 2017 - 07:32

It is in spannende wike foar it team fan de Solar Voyager. De auto waard oant no ta yn Ljouwert test, mar sil dizze wike nei Yslân, foar de earste proef op gletsjeriis. De tests binne nedich as tarieding op de ultime tocht nei Antarktika yn desimber, dêr't de auto yn barre omstannichheden folslein funksjonearje moat.

3D printer

De Solar Voyager is makke fan ôffalmateriaal en wurdt oandreaun troch sinnepanielen. De inisjatyfnimmers wolle mei it projekt berikke dat der mear oerstapt wurdt op griene enerzjy. Miljeu-ûndernimmer en pionier Edwin ter Velde: "We gooien heel veel weg. Wij hebben afval gesmolten en daarna in een 3D printer gedaan. Al proberend is daar deze Solar Voyager uit voort gekomen."

Ekstreme tocht

Ter Velde sjocht tige út nei de besite oan Yslân: "Op basis van deze tests weten we precies waar we staan en wat er nog gedaan moet worden aan de wagen om hem in december klaar te hebben voor de extreme tocht op Antarctica." Net allinnich leare se riden op in gletsjer, de logistike erfaring is ek wichtich foar it team as tarieding op de reis nei de Súdpoal.

It team komt nije wike werom en wit dan krekt wat der noch oanpast wurde moat. Der sille dan opnij tests dien wurde yn Fryslân, wêrûnder in tocht oer de Ofslútdyk.

(Advertinsje)
(Advertinsje)