Traktaasje te djoer: "Ik hold de bern thús mei de jierdei"

08 maaie 2017 - 08:17

Gythe Kramers út Drachten libbet mei har beide bern fan in hiel lyts bytsje jild. Se is krekt út de skuldsanearring. En se krijt help fan stichting Leergeld. Dêrtroch kinne de bern no sporte. En traktearje op skoalle as se de jierdei fiere. Earder wie dêr gjin jild foar. Dan hold Gythe de bern thús op de jierdei.

Drompels

“Ik moest heel veel drempels over om aan te kloppen. Maar daarna was er opluchting. En bij de kinderen blijdschap. Want hoe arm je ook bent, als een kind sport dan kijkt niemand daar naar. Met sporten heb je allemaal hetzelfde doel.”

Der binne noch folle mear ferhalen as dat fan Gythe. Stichting Leergeld helpt yn Fryslân tûzenen bern dy't yn earmoed libje.

Leergeld helpt

Sosjaal isolemint driget as in bern net meidwaan kin oan sport of oare aktiviteiten. Lang net elkenien dy't help goed brûke kin, wit fan it bestean fan Leergeld. Of hoe't se by de stichting oanklopje kinne.

Dêrom jout Omrop Fryslân dizze hiele wike ekstra omtinken oan it wurk fan de stichting. Simone Scheffer, projektlieder by de Omrop, oer wêrom't dit sa wichtich is: "Bern dy’t yn earmoed opgroeie is ek yn ús provinsje in probleem. Omrop Fryslân hat de sjoernalistyke taak en de maatskiplike belutsenheid om dit probleem oan ‘e oarder te stellen. Dizze hiele wike stiet de Stichting Leergeld dêrom sintraal yn ús programma’s. In stichting dy’t him ynset foar bern dy’t sûnder stipe bûtensluten wurde soene."

Online, mar ek op radio en telefyzje binne reportaazjes te sjen mei ynformaasje oer Leergeld, mar ek mei persoanlike ferhalen fan minsken dy't de stichting holpen hat. Minsken sa as Gythe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)