Renze Pieter Hiemstra krijt keningskroan yn Frjentsjer

Keatser Renze Pieter Hiemstra is útroppen ta kening by it trochinoar lotsjen yn Frjentsjer. Syn partoer mei Peter van Zuiden en Pieter van der Schoot wûn yn de finale fan Jelle Attema, Kees van der Schoot en Jan Schurer. It waard 5-4 en seis gelyk.
Oant de 4-4 gong it gelyk op. It spul like nei it partoer fan Attema te gean, mar troch in kweabal gong it nei it partoer fan Hiemstra. Syn partoer krige de oerhân.
Nei 5-4 kaam it partoer fan Attema mei skjinne seis foar, mei alle kânsen foar fiif earsten gelyk. Troch twa bûtenslaggen fan Jelle Attema en twa boppeslaggen fan Pieter van der Schoot en Renze Pieter Hiemstra wûn it partoer fan Hiemstra mei 5-4 en 6-6.
De lytse preemje wie foar Gert-Anne van der Bos, Alle Jan Anema en Tjisse Steenstra..