Hearrenfean ferliest: "Skiedsrjochters meitsje ek fouten"

07 maaie 2017 - 19:02

It twadde doelpunt fan PEC Zwolle hie noait goedkard wurde moatten. Dat seit Hearrenfeanferdigener Jeremiah St. Juste nei ôfrin fan de wedstriid dy't SC Hearrenfean mei 2-1 ferlear.

Skiedsrjochter besliste oars

"De bal was al over de achterlijn geweest. Honderd procent. Het had een doeltrap moeten zijn. Maar de scheidsrechter besliste anders. Zulke mensen maken ook fouten.

Ik ben nog naar de grensrechter gelopen. Die heeft het niet kunnen zien, zegt hij. Dan houdt het op. Dan heeft protesteren geen zin meer. Maar het was een onterechte goal."

St. Juste woe dat er in oare oplossing keazen hie. Dat er de bal net sa maklik oer de achterline rolje litten hie."Ik had de bal terug kunnen spelen. Dat neem ik mezelf kwalijk."

Op de goal sjitte

It is de njoggende kear op rige dat Hearrenfean in útwedstriid ferliest. "Zwolle heeft terecht gewonnen. We moeten opportunistischer zijn. Vandaag ook.

Zij staan met 10 man. Dat moeten we gewoon beter uitspelen. Het baltempo moet hoger. Je moet op doel schieten. Dat hebben we vandaag niet gedaan."

Dreech tsjin 10 man

It wie dreech fuotbaljen tsjin 10 man, seit trainer Jurgen Streppel. "Elke bal die je zelf inlevert voelt als een nederlaag, daar krijg je minder vertrouwen door. En elke bal die zij naar voren schieten, daar krijgen ze een extra boost van.

Als je dan ook nog uit positie loopt, en het tempo is te laag, dan krijg je uit één standaardsituatie een hele vervelende middag.

Kânsleas

Het tempo was te laag om Zwolle kapot te spelen. De voorzetten kwamen niet aan. Dan is het een kansloze dag."

Dat Hearrenfean ek mei alve man tsjin de tsien fan Zwolle net winne koe, kaam neffens Streppel trochdat it posysjespul net goed wie. "Het irriteert me dat niet iedereen op zijn positie blijft spelen. Dat iedereen dan zijn eigen ding wil doen om het elftal te helpen. Dan krijg je dat iedereen door elkaar gaat lopen."

Lêste kâns

Nije wike spilet Hearrenfean de lêste kompetysjewedstriid fan it seizoen, thús, tsjin NEC. Dan kin Hearrenfean in plakje yn de neikompetysje feililch stelle. Oft dat slagget, dat wurdt noch spannend. Streppel wol der net in soad oer sizze. "Ik heb gezien wat ik heb gezien. Het zal nog hard werken worden deze week. "

(Advertinsje)
(Advertinsje)