Jannick de Jong oppermachtich op gersbaan yn Roden
Jannick de Jong fan De Gordyk hat de tredde wedstriid fan it iepen NK gersbaanracen yn Roden mei oermacht op syn namme set. Hy wûn syn trije searjes, de heale finale en de finale.
Yn it klassemint is De Jong útrûn op syn direkte tsjinstanner. Hy stiet 10 punten foar op Romano Hummel. Yn totaal wurde der fiif wedstriden ferriden foar it iepen NK. De earstfolgjende wedstriid yn it iepen Nederlânsk kampioenskip is op 5 juny yn Stadskanaal.
Yn Roden einige de Sweed Anders Mellgren op it twadde plak. Dave Meijerink waard tredde. Jannick de Jong hat al sân kear Nederlânsk kampioen west.