Zwolle spilet mei 10 man Hearrenfean fan de matte

07 maaie 2017 - 16:25

SC Hearrenfean hat de ien-nei-lêste earedifyzjewedstriid tsjin PEC Zwolle mei 2-1 ferlern. It is de njoggende útwedstriid op rige dy't ferlern giet foar de Feansters.

It is noch ûnwis oft Hearrenfean de play-offs no noch wol hellet. Nije wike spilet Hearrenfean de lêste kompetysjewedstriid fan it seizoen. Thús, tsjin NEC.

Reade kaart

PEC Zwolle kaam yn eigen hûs al nei 20 minuten mei tsien man te stean, doe't ferdiegener Ouasim Bouy fan Zwolle Hearrenfeanspits Reza Ghoochannejhad oan it shirt luts. Dêr krige Bouy in reade kaart foar.

Hearrenfean skoart yn lêste minuten

Hearrenfean koe de oertalsitewaasje yn de earste helte net fersulverje, sterker noch, Zwolle kaam op in 1-0 foarsprong troch Holla. Flak nei rêst skoarde Queensy Menig foar Zwolle de 2-0, nei in fout fan Jeremiah St. Juste.

Yn de lêste minuten wist Reza Ghoochannejhad noch te skoaren foar Hearrenfean, mar it wie te let om de wedstriid noch te kanteljen.

Jild werom

SC Hearrenfean jout de fans dy't meireizge wienen nei Zwolle it jild fan it kaartsje werom. Dat makke algemien direkteur Luuc Eisinga bekend ûnder de wedstriid. Sa wol de klup de fans betankje foar de stipe.

(Advertinsje)
(Advertinsje)