En dan hinget der samar ynienen in flagge yn de stjoermêst..

07 maaie 2017 - 15:08

Wa't it dien hat, dat is net dúdlik, mar meiwurkers fan Radio Spannenburg fûnen ynienen in Nederlanske flagge yn de stjoermêst yn Balk. Tsientallen meters boppe de grûn.

"It moat wol in goeie klimmer west ha," seit Radio Spannenbrug, "sûnder angst. Of sûnder ferstân." Radio Spannenburg is de streekomrop fan de gemeente De Fryske Marren.

(Advertinsje)
(Advertinsje)