Hawwe jo slachtoffer west fan ynternetfraude? Doch de enkête

08 maaie 2017 - 08:01
Hacker - Foto: Omrop Fryslân

Hoe grut is de skea troch fraude by ynternethannel en wat docht de plysje deroan? In ûndersyk fan Omrop Fryslân yn gearwurking mei de oare regionale omroppen en de NOS moat dêr antwurd op jaan. Omrop Fryslân siket minsken dy't wolris mei ynternetfraude te krijen hân ha.

Fraude

Yn 2016 waard neffens it CBS yn Fryslân 3,6 persint fan de ynwenners slachtoffer fan oankeapfraude. Yn hiel Nederlân wie dat 3,9 persint. Dat wol sizze: se betellen online foar guod dat se hielendal net krigen, of stikken wie, of in ferfalsking.

Enkête

Ut it CBS-ûndersyk wurdt lykwols net dúdlik oer hokker bedragen it giet en welke produkten en tsjinsten foaral populêr binne by online-fraudeurs. Ek is noch net dúdlik hoe't de slachtoffers ferfolgens holpen binne troch de plysje.

De omroppen wolle dat no mei in eigen enkête per regio op in rige sette. Hawwe jo mei ynternetfraude te krijen hân? Folje dan no de enkête yn!

(Advertinsje)
(Advertinsje)