Gordykster Merke foar it earst yn 400 jier op in snein

De earste edysje fan de de jiermerk op De Gordyk is in grut súkses. Foar it earst sûnt 400 jier wurdt de merk no op de snein hâlden. It is ien fan de fêste ûnderdielen fan de Gordykster Merke.
De lêste jierren kamen der hieltyd minder besikers. Om dat op te kearen is troch Stichting Marktbeheer en de gemeente Opsterlân besletten de merk te ferhúzjen. De ferpleatsing nei de snein docht fertuten. In soad minsken slenterje by de goed 85 kreamkes del, al spilet it oangename waar fan snein dêr fanels ek in rol by.