Froulju Berltsum winne ôfdielingspartij yn Frjentsjer

© Henk Bootsma
De ôfdieling Berltsum hat sneon de iepening fan it keatsseizoen by de froulju wûn. De keatsters Ilse Tuinenga, Leonie van der Graaf en Harmke Siegersma lieten yn de finale it trio fan Huzum (Marije van der Meer, Nynke Sijbrandij en Manon Scheepstra) kânsleas. Op 5-1 en 6-4 miste Marije van der Meer it perk. Ilse Tuininga waard ta keninginne útroppen. Ut in list fan 16 parturen wiene de tredde prizen foar Wommels en Ljouwert.
De trochinoar lotterspartij snein yn Winsum giet net troch fanwege de minne fjildkondysje.