Zeinstra en Diks opnij yn aksje yn Champions League

07 maaie 2017 - 13:06

De Fryske grinsrjochters Erwin Zeinstra fan Dronryp en Mario Diks fan Ljouwert binne oproppen foar it Champions Leagueduel fan Juventus tsjin AS Monaco, kommende tiisdei. De heale finale wedstriid yn Turijn stiet ûnder lieding fan skiedsrjochter Björn Kuipers.

Zeinstra en Diks skitteren earder ek al yn de Champions Leaguewedstriid fan Barcelona tsjin Juventus.

(Advertinsje)
(Advertinsje)