Kazemattemuseum siket frijwilligers

© Omrop Fryslân, Rob Dijkstra
Omdat it Kazemattemuseum by Koarnwertersân faker iepen sil, binne der mear frijwilligers nedich. It museum wol op termyn alle dagen iepen wêze. Ek fanwege de komst fan in Beleefcentrum yn Koarnwertersân en de plannen foar in fiskmigraasjerivier, sille der mear minsken nei it museum komme, sa is de ferwachting.
It museum fernimt ek dat der hieltyd mear belangstelling is foar de Twadde Wrâldoarloch en de ferhalen dêroer. It Kazemattemuseum hat no 60 frijwilligers en der binne op syn minst 20 nije frijwilligers nedich.
It giet ûnder oare om gidsen, kassameiwurkers en ûnderhâldsminsken. No freed hâldt it museum in ynformaasjebyienkomst foar belangstellenden.