Muzykkorpsen toeterje gemeente Menameradiel nei de ein

07 maaie 2017 - 08:26

De iisbaan yn Menaam is sneon 20 maaie it dekôr fan in ôfskiedskonsert troch njoggen muzykkorpsen út de gemeente Menameradiel. Dy gemeente giet yn 2018 op yn de nije gemeente Waadhoeke. Under de namme 'Us Eenhoorn Slotakkoord', stean de muzykkorpsen stil by it ferdwinen fan Menameradiel.

De korpsen stean ûnder lieding fan diriginten Gatse Hylkema en Christine van der Bijl. Artysten Tetsje van der Kooi, Janneke Brakels en Piter Wilkens wurkje ek mei oan it optreden. 

Trefwurden: 
Menaam korps Menameradiel
(advertinsje)
(advertinsje)