Jongerein oppakt om sjitten mei luchtdrukpistoal yn Drachten

© Politie Oost-Fryslân
Twa jongeren fan 16 en 18 jier binne sneontejûn yn it sintrum fan Drachten oanhâlden foar it sjitten mei in luchtdrukpistoal. Se binne troch de plysje meinaam nei it buro foar ûndersyk.
Pepperspray
Ek in 26-jierrige man waard sneontejûn troch de plysje East-Fryslân oppakt foar ferbean wapenbesit. De fertochte hie pepperspray by him. Ek hy moast mei nei it plysjeburo.