LDODK pakt ien punt tsjin Dalto yn Driebergen

07 maaie 2017 - 00:30
Foto: Omrop Fryslân

De kuorballers fan LDODK ha ien punt oerholden oan de wedstriid yn de fjildeareklasse yn Driebergen tsjin Dalto. It waard 20-20. LDODK kaam muoisum op gong. Thúsklup Dalto hie mei de tuskenstannen 3-0, 6-1, 9-3 en 12-4 fierwei it bêste fan it spul. By it skoft wie de stân aardich draachliker: 12-9.

De ynhelrace fan LDODK gong yn de twadde helte fierder. It waard 20-20 en LDODK miste yn de lêste minút noch in trochrinbal. De ploech út Terwispel/De Gordyk stiet twadde op fjouwer punten fan Blau Wyt Amsterdam.

Trefwurden: 
kuorbal LDODK
(Advertinsje)
(Advertinsje)