Björn Bakker wint Ronde fan Súdeast Fryslân

07 maaie 2017 - 00:03
Foto: ANP

Björn Bakker hat sneon de Ronde fan Súdeast Fryslân wûn. De hurdfytser fan Wynjewâld fersloech yn de einsprint Gijs Meijer út Oostwoud en Wessel Piersma, Fries om utens út Grins. Dizze trije stiene op it poadium út in kopgroep fan alve man. De einstreek lei op de Bosberch. Martijn Dijkstra fan De Knipe waard fjirde.

(Advertinsje)
(Advertinsje)