Miss Mirande (41) stekt Janneke (22) nei de kroan

06 maaie 2017 - 22:58

Janneke Knol (22) hat de finale fan de Mis(s)ferkiezing foar froulju mei in beheining net wûn. Mirande Bakker-Brouwer (41) út Olst yn Oerisel is ta Mis(s) kroand troch premier Mark Rutte. De ferkiezingen wiene op telefyzje te sjen by SBS6.

Yn totaal hiene om ende by 150 froulju har oanmelden foar it programma. Acht ha de finale helle. Ien fan dy acht wie Janneke Knol, fan Boarnburgum. Se hat de senuwsykte MS.

Janneke die mei oan de ferkiezingen om sjen te litten dat minsken mei in beheining likefolle kinne as minsken sûnder beheining: "Der wurdt wolris tsjin my sein: "Janneke, doch dat dochs net" of "Tinkst wol om dyn sûnens?" Mar dat wit ik sels bêst. Dêr hoecht gjinien my op te wizen."

(advertinsje)