Snitserdyk ôfsletten foar nije asfaltlaach

06 maaie 2017 - 20:15

De Snitserdyk (N354) tusken Tsienzerbuorren en de A32 is al it hiele wykein ticht foar ferkear. De dyk krijt in nije asfaltlaach. Nije wike is de dyk jûns ek noch ôfsletten, en kommend wykein kin der oerdeis ek gjin ferkear oerhinne.

De dyk is ôfsletten tusken sân oere jûns en seis oere moarns. Ferkear fanút Snits moat omride oer Dearsum, fia Winsum, nei Ljouwert. Ferkear fanút Ljouwert moat de oare kant op. Giele buorden by de dyk del jouwe de omleidingsrûtes oan.

Trefwurden: 
Snitserdyk N354 afsalt ferkear
(advertinsje)
(advertinsje)