Grutte tinkstien foar Lytse Sjoerd fan De Trynwâlden

06 maaie 2017 - 19:17

By de haven fan Mûnein is in monumint ûntbleate foar Sjoerd de Vries. Hy stie rûnom bekend as Lytse Sjoerd. Yn de jierren nei de oarloch wie er foardrager. Hy trede op op brulloften en partijen. Dêr koe er syn brea mei fertsjinje. Lytse Sjoerd wie in begryp yn De Trynwâlden.

Twa pakesizzers hawwe it monumint ûntbleate. It giet om in plakette op in grutte stien, mei dêrop in stikje út in ferske fan Lytse Sjoerd. It inisjatyf foar it monumint is naam troch de wurkgroep Taal Tytsjerksteradiel. Sjoerd de Vries waard yn 1902 berne yn Mûnein.

(advertinsje)
(advertinsje)