Autokrosser rekket ferwûne by kross yn Stynsgea

06 maaie 2017 - 19:04
Foto: De Vries Media

By de autokross yn Stynsgea is in koereur ferwûne rekke neidat er meardere kearen mei de auto oer de kop slein is. Hoe't dat gebeure koe, is net dúdlik.

De brânwacht moast der oan te pas komme om de krosser út de race-auto te heljen. De trauma-helikopter wie ek útflein, mar koe healweis weromkeare. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it sikehûs brocht. Hy soe lêst fan de rêch ha. It is net bekend hoe't er der fierder oan ta is.

(Advertinsje)
(Advertinsje)