ONS Snits ferliest 'wedstriid om neat' fan Jong Grins

06 maaie 2017 - 18:46

Fuotbalklup ONS Boso Snits hat thús mei 5-3 ferlern fan Jong FC Grins. Yn de 15e minút iepene Tim Waterink foar Jong Grins de skoare op it Sudersportpark. Danny Kampstra makke mei in moaie omhaal yn de 26ste minút de lykmakker. En trije minuten letter skeat Yume Ramos fia de linkerpeal de 2-1 yn.

It spul gie op en del. Krerkt foar rêst yn de 45e minút skoarde Tim Waterink de 2-2. Yn de 56e minút makke Yume Ramos de 3-2. Kânsen wiene der foar beide kanten.

Jong Grins wie op jacht nei de lykmakker. Dat slagge yn de 79e minút, Amir Absalem makke de 3-3 en noch gjin minút letter skeat Rein Werumeus-Buning yn eigen goal en stie de 3-4 op it skoareboard.

Yn 88e minút tocht ONS dat it skot fan Grins bûtenspul wie en de spilers bleaune dan ek stean, mar de skiedsrjochter besliste oars en Grins makke de 3-5.

ONS wie al feilich en bliuwt yn de tredde difyzje, dus der stie neat mear op it spul.

(Advertinsje)
(Advertinsje)