Zeerobben op kampioenskoers nei 4-1 oerwinning

06 maaie 2017 - 18:19

Mei in 4-1 oerwinning op Feanwâlden ferstevigje de foutballers fan it Harnzer Zeerobben harren kopposysje yn de twadde klasse I. Mei noch ien wedstryd te gean ha se nije wike oan in lykspul genôch om kampioen te wurden.

Tsjin Feanwâlden skoarde Higor da Silva nei 13 minuten de 0-1. Feanwâlden makke yn de 29ste minút de lykmakker troch in moaie kopbal fan Wytze Veenstra. In krappe minút letter makke Kristiaan Feenstra de 1-2, en noch wer 2 minúten letter wie it al 1-3 troch Higor da Silva nei in prachtige foarset fan Dylan Drent.

Nei de rêst holden de Zeerobben net op fan skoaren. Yn de 55ste minút makke Higor da Silva de 1-4 foar Zeerobben. In hattrick, 1-4 wie ek de einstân.

Hurdegaryp en Be Quick

Be Quick Dokkum wûn de wedstryd by Hurdegaryp mei 4-0. Dêrtroch kin Be Quick nije wike noch op likense hichte komme mei de Zeerobben. Dan moat Be Quick winne, en de Zeerobben moat ferlieze.

Yn de 31ste minút fan de wedstryd tsjin Hurdegaryp kaam Be Quick op in 1-0 foarsprong troch Aldert Hietkamp. Dit wie ek de rêststân. Hurdegaryp makke in wurge yndruk en dêr profitearre Be Quick fan.

Folkert van Dongera makke yn de 60ste minút de 0-2. Twa minuten letter waard it 0-3 troch Janco Wiersma en Aldert Hietkamp makke yn de 87ste minút noch de 0-4. Dit wie ek de einstân.

Hurdegaryp kin gjin kampioen mear wurde. Nije wike spilet Hurdegaryp út tsjin Zeerobben en Be Quick thús tsjin Stiens.

(Advertinsje)
(Advertinsje)