Harkemase Boys ferliest mei njoggen man fan Capelle (2-1)

06 maaie 2017 - 17:41

De foutballers fan de Harkemase Boys ha de útwedstryd tsjin Capelle mei 2-1 ferlern. Yn de fjirtjinde minút kaam Capelle op it eigen fjild op foarsprong toch in goal fan Tim Vincken. Fiif minuten letter skoarde Heine Uuldriks de lykmakker.

Nei in goed healoere moasten de Harkemase Boys mei tsien man fierder. Op advys fan de assistint-skiedsrjochter krige Johny de Vries in reade kaart. Hy moast it fjild ferlitte. Djip yn de twadde helte krige Simon IJzerman syn twadde giele kaart en dus read. Sa moast Harkemase Boys de wedstriid útspylje mei njoggen man.

Yn de twadde helte wist allinne Harkyt Erich Jongeling it net te finen. It wie in eigen goal. Hy bepaalde dêrei de einstân: 2-1. Foar de Harkemase Boys stie der neat mear op it spul. As de neikompetysje goed ferrint, spylje se kommend seizoen yn de twadde difyzje.

Trefwurden: 
Harkemase Boys fuotbal
(Advertinsje)
(Advertinsje)