Auto slacht oer de kop op N381 by Wynjewâld

06 maaie 2017 - 17:06
Foto: Srfotografie

Op de N381 ter hichte fan Wynjewâld is in auto oer de kop slein. It liket derop dat de bestjoerder oan de rjochterkant fan de dyk yn de berm telâne kaam is, wêrnei't er de macht oer it stjoer ferlear.

De auto skeat oer de dyk hinne en klapte oan de linkerkant tsjin de fangrail. Dêrby sloech er oer de kop. De bestjoerder rekke by it ûngelok net ferwûne.

Trefwurden: 
ûngelok plysje Wynjewâld
(Advertinsje)
(Advertinsje)