Follybalfroulju VC Snits ferlieze kampioensstriid

06 maaie 2017 - 16:31

De froulju fan follybalklup VC Snits ha de striid om it lânskampioenskip ferlern. Yn de twadde en lêste finalewedstriid wie Sliedrecht Sport wer mei 3-1 te sterk foar de Snitsers.

Twa sets wiene genôch

De earste set wie mei 25-14 foar Sliedrecht Sport. Yn de twadde set like Snits noch even werom te kommen, mar mei 26-24 makke Sliedrecht dien wurk.

De Sliedrechtsters hoegden mar twa sets te winnen, omdat de froulju fan Snits de earste finalewedstriid al mei 3-1 ferlern hienen.

Neidat Sliedrecht Sport kampioen wurden wie, moast de wedstriid noch wol ôfmakke wurde. Yn it reglement stiet dat in wedstriid minimaal út trije sets bestiet. Snits wûn de tredde set mei 27-25 en Sliedrecht de fjirde mei 25-16.

Snits sûnder Petra Groenland

Coach Petra Groenland fan VC Snits wie der net by. Se lei thús siik op de bank, mar koe fia in assistint wol telefoanyske oanwizingen trochjaan oan de spylsters.

De fjirde kear foar Carlijn Jans

Foar Carlijn Jans fan Sliedrecht Sport is dit it fjirde lânskampioenskip op rige. De ôfrûne twa jier spile se foar VC Snits. Doe waarden de Snitsers kampioen. It jier dêrfoar fierde se it kampioensfeest mei Alterno.

(Advertinsje)
(Advertinsje)