Fuotbalwedstriid giet net troch nei auto-ûngelok

06 maaie 2017 - 15:34
In eardere wedstriid fan de Broekster Boys tsjin Grootegast - Foto: Broekster Boys

Trije auto's mei spilers fan Broekster Boys dy't út Damwâld ûnderweis wienen nei in fuotbalwedstriid yn Grootegast, binne tsjin mekoar oanbotst.

De measte spilers binne der goed foarwei kaam, mar de wedstriid giet net troch. Broekster Boys hat dêr foar keazen nei oerlis mei de skiedsrjochter. Tongersdeitejûn wurdt de wedstriid ynhelle.

(Advertinsje)
(Advertinsje)