Brânwacht rydt út foar camperbrân yn Aldegea (Smell.)

06 maaie 2017 - 14:48
Foto: De Vries Media

Yn Aldegea Smellingerlân is in camper yn de brân flein. De camper stiet yn in loads op in terrein oan It West. It fjoer bleau beheind, de loads sels stiet net yn brân. Brânwachtminsken fan meardere auto's ha holpen mei it blussen. Se hiene it fjoer rillegau ûnder kontrôle.

Trefwurden: 
brân
(Advertinsje)
(Advertinsje)