Transportbedriuw Van der Werff fiert 100-jierrich bestean

Transportbedriuw Van der Werff Logistics op It Hearrenfean bestiet hûndert jier en hâldt sneon in drokbesochte iepen dei. Wat begûn mei hynder en wein en letter ien frachtwein, is útgroeid ta in bedriuw mei 165 frachtauto's.
De krêft fan it bedriuw is dat it in famyljebedriuw is. De famylje sjocht nei de langere termyn en litte de Europeeske merk oan goedkeapere East-Europeeske bedriuwen. Van der Werff hat him spesjalisearre yn opdrachten werby't kontakten mei de opdrachtjouwer en goede kommunikaasje wichtich binne.