Ljouwerters ruilje stien om foar grien

Yn de Ljouwerter wyk Achter de Hoven is sneontemoarn operaasje Steenbreek úteinset. Doel is om safolle mooglik tegels en stiennen yn de tún te ferfangen troch planten. En om minsken al wat op wei te helpen, gongen frijwilligers fan buurtkoöperaasje de Hoftuinen troch de strjitten mei in fytskarre fol beiestrûken, in kroade mei ierdbeiplantsjes en live muzyk.
Goed foarbyld
Eltsenien dy't in stien of tegel ynlevere, krige der in beiestrûk mei ierdbeiplantsje foar werom. De muzyk yn kombinaasje mei it oanbeljen by minsken die fertuten, want der waard aardich wat stien foar grien omruile. Dêrmei meitsje je net in hiele wyk in stik griener, witte de inisjatyfnimmers, mar de aksje is dan ek foaral bedoeld om it goede foarbyld te jaan. In grut tal provinsjale en gemeentlike ynstânsjes stipet it projekt.