Cambuur-materiaalman en klupikoan Siepie Lijzenga ferstoarn

06 maaie 2017 - 12:10

Freed is Siepie Lijzenga út Gytsjerk hommels ferstoarn. De âld-materiaalman fan SC Cambuur is 72 jier wurden. Lijzenga wie sa'n 30 jier ferbûn oan Cambuur, dêr't er ferantwurdlik wie foar it materiaal en de wask. Hy wie in markant figuer binnen de klup; eigensinnich mar tige belutsen. Yn it Liwwadder bolwurk wie Lijzenga de man fan de Fryske taal. Want wa't der ek yn de buert wie, hy ferbruts him net. By alle oare betelle fuotbalklups yn Nederlân wie Siepie Lijzenga ek in bekende figuer.

Lijzenga naam yn maaie 2015 nei in tsjinstferbân fan sa'n 30 jier ôfskied fan Cambuur. Hy kaam noch geregeld by de klup. Lijzenga wie freed ûnderweis nei syn broer, mar sei him ôf om't er him net goed fielde. Letter fûnen se him libbenleas sittend oan de keukentafel yn syn hûs.

(Advertinsje)
(Advertinsje)