Pake makke Feyenoord kampioen

06 maaie 2017 - 11:45

It wurdt snein in spesjale dei foar Willem van der Knoop fan Ljouwert. Alteast, as Feyenoord nei achttjin jier wer kampioen wurdt fan Nederlân. De 69-jierrige Van der Knoop tinkt dan oan syn pake Harry Waites, dy't Feyenoord yn 1924 foar it earst yn de klupskiednis kampioen makke.

Ingelske soldaat

Waites wie in Ingelske soldaat dy't yn de Earste Wrâldoarloch nei Nederlân kaam en fuotbaltrainer waard. Doe't hy by Frisia yn Ljouwert oan de slach gong, moete hy de beppe fan Van der Knoop. Se krigen in relaasje en sy rekke swier. Yn Ljouwert hie Waites ek in sportwinkeltsje oan de Prins Hendrikstrjitte.

Kampioen

Yn 1924 gong Waites mei syn leafde nei Rotterdam, dêr't de Ingelskman direkt suksesfol wie en Feyenoord kampioen fan Nederlân makke. Yn Rotterdam waard de mem fan Van der Knoop berne. Waites gong it jier derop wer werom nei syn heitelân dêr't hy minder suksesfol wie. Hy stoar in 1938.

Van der Knoop sil seker oan dizze famyljeskiednis tinke as Feyenoord snein tsjin Excelsior de kampioenskaal pakt.

(Advertinsje)
(Advertinsje)