"Paviljoen Lân fan taal sit festivals yn it paad"

It gebou fan Lân fan taal op it Aldehoustertsjerkhôf sit de festivals yn de takomst goed yn it paad. Dat seit festivalorganisator Jan Gaastra. It gebou dat der takom jier stean moat, komt oan de eastkant fan it plein. Dêrtroch is der folle minder romte beskikber foar it organisearjen fan festivals. It giet al gau om 30 meter.
Foar festivals dêr't je entree betelje moatte lykas City Rock of Into the Grave hat dat konsekwinsjes. Der kin folle minder minsken it plein op en dat betsjut minder omset.
It nije gebou kriget in tribune. Neffens Gaastra is dy lang net grut genôch om it ferlies oan romte te kompensearjen. Der kinne mar sa'n fyftich minsken op sitte. In opsje soe wêze kinne om de tribune op in oar plak del te setten. Ynkoarten sitte alle partijen om tafel om te praten oer in oplossing.